- Starside
- Monumint foar in inkeld grêf
- Monumint foar in dûbeld grêf
- Monumint steand rûge foarm
- Urn en urn monuminten
- Berne grêfstiennen
- Aksessoires
Sneon op ôfspraak.
Friesland Grafstenen
Fryslân Grêfstiennen
Tegearre mei joYn alle rêstIn tinktekenIn monumintIn oantinken
Fryslân Grêfstiennen is fêstige yn De Tike. It is in lyts doarpke lâns de N31 fan Drachten nei Ljouwert. In doarpke midden yn it lânskip en oan it wetter De Leijen.
Hjir is tiid, rêst en romte foar in fertroulik en persoanlik petear sûnder ferplichtingen. De rêst en noflike sfear binne fan it grutste belang, want in monumint útsykje foar jo leafste, famyljelid of freon is en bliuwt altiten in wichtich en gefoelich barren.
Dêrnjonken is dêr de ynformaasje dy’t jo dôchs wol nedich hawwe. Yn ús toanseal steane ferskate mooglikheden fan monuminten en ferskeidene bewurkingen fan natoerstien. Mar ek glês, RVS of hout is mooglik. Dizze foarbylden moatte jo sjen as ynspiraasjeboarne.
Krekt as eartiids komme wy ek by jo lâns op jo fersyk mei foarbylden of as jo net mei eigen ferfier komme kinne dan helje wy jo sûnder ferplichtingen op foar in besite oan ús toanseal.
Wat wy jo leverje kinne;
- Lizzende grêfstiennen.
- Steande grêfstiennen.
- Tinkstiennen foar in algemien grêf.
- Monuminten foar in inkeld grêf.
- Monuminten foar in dûbeld grêf.
- Monuminten yn rûge foarm.
Grêfkelders yn ferskillende ôfmjittings
Wy drage soarch foar jo tinkteken fanôf it útsykjen oant en mei it pleatsen yn hiel Nederlân.
