Wy pinne te berikken fan moandei o/m freed fan 9.00 ure oant 17.00 ure oant
Sneon op ôfspraak.

Friesland Grafstenen

Strjitte:Leijensreed 25
Plaknamme:9219VP De Tike
Til:0512 - 372212
Mob:06 13770859

Ofskied

It ferstjerren fan in dierbere bringt in ûnbidich grut fertriet. It is in ûntinkbere feroaring yn in minskelibben. It is net foar te stellen hoe`t it is om foargoed ôfskied te nimmen fan jo dierbere. Jo libben stiet stil en jo kinne it hast net befetsje dat bûten jo muorren om alles gewoan fierder giet.

Yn de earste perioade nei it ferstjerren fan in leafste giet alles faaks yn in rûs oan jo foarby. It ferstjoeren fan roukaarten en it regeljen fan de begraffenis of kremaasje. Der moat safolle barre yn sa`n koarte tiid. Faak binne de minsken dan ek sa ôfgryslik kwetsber en maklik te beynfloedzjen.

Dêrom is it ek sa wichtich jo sels de tiid te gunnen foar it útsykjen fan in tinkteken. Wat foar tinkteken past der by jo dierbere. Foar de iene kin it júst de ienfâld wêze, wylst  it foar in oar in útstrieling haw moat fan de foarleafde fan jo dierbere.

It is myn fak om minsken te helpen om in passende kar te meitsjen.

As tinkstienûntwerpster haw ik fernommen hoe wichtich it is om oan dit soarte fan saken in soad omtinken te jaan en te lústerjen nei ferhalen. Ik fyn it moai om mei-inoar dôchs wat moais te meitsjen neist in grut fertriet. As it tinkteken klear is moat it eins wat eigens wêze, it moat in plak wêze dêr’t jo graach nei ta geane.

It is ek in manier om jo fertriet te ferwurkjen.

Ik fyn it wichtich dat men it monumint ek nei tsientallen jierren noch hieltyd moai fynt. Om‘t  it by harren past of wat seit oer jo dierbere.

Foar fierdere ynformaasje kinne jo ús skilje foar in persoanlik kontakt, mar jo kinne ús ek e-maile.

Til:  0512-372212

E-mail : info@fryslangrefstiennen.nl

 
Uw taal: